|
De LYKFEART
De feart nei Goingaryp hjit de Lykfeart en dy namme hat dat wetter al lang lyn krigen.Op in moarn seagen fiskers in neaken manljuslyk driuwen.It kaam fan ‘e kant fan balingbuer en dreau de stream mei nei de mar.De fiskers sloegen alarm en hellen di lyj op e’kant .De deade wie fermoarde,dat seagen se sa wol.De hannen sieten him nammelik op ‘e rech byinoar bun.dat koe in minske noait sels dien ha.Der wie gjinien dy’t de deade koe,sadwaande kaam er as in unbekende fremdling op it goingarypster hof...Mar krekt in jier letter,op’e dei of.dreau dat lyk der wer troch de feart.De goingarypsters brochten it op ‘e kant en seagen verheard op.Alles wie krekt gelyk as in jier lyn. Klean hie er net oan en de hannen sieten de deade wer festbun op ‘e rech.Hij waard op e’ nij begroeven,wat moasten se oars.Mar in jier letter wie it wer sa en dat gong sa jier op jier,steefest op ‘e selfde dei.Hoe djip as se it lyk el begroeven,hoe ticht as se de kiste ek spikeren,it holp allegearre neat.It waard sa stadichoan yn e’ wide omkriten bekend en doe wie der in man op ‘e Joure, dy sei:’Dat lyk sil jhir alle jieren op ‘e dei lans druwe, krekt salang oant de moardner fun is.mar ik wol jim wol rie jaan;lit alle minsken ut’e omkriten oan’e kant fan ‘efeart op ‘e dei dat it lyk lans driuwen komt.As de moardner derby is,sil de moard utkommen.’Se folgen de rie fan dy man op en doe ’t it wer safier wie.stie elkenien oan’e kant fan it wetter.ik lyk dreau stadig de feart troch.it kaan in man foarby dy’t under op in bjinstap stie en krekt op dat stuit rekke in han fan’e deade los,de earm swaaide omheeg en wiisde nei de man op it stap.Dy man is daalk oppakt en ferheard.Hij koe gjin kant mear ut en foel al gau troch de koer.Novh ienkear hawwe se it lyk netsjes te hof brocht op goingarypster hof.As it goed is rest it der noch altyd yn frede. It iennichste dat us noch oan dit verhaal tinken docht is de namme fan de feart.....Ut: 'It kweade wiif fan Hylpen........en oare folksferhalen', Mindert Wijnstra.
Met dank aan Lenie.
|
|
|
|
|